Belgen op de PC yn 2018

17 jan 2017 - 22:03

As it oan de Keninklike PC leit, keatst der yn 2018 in Belgysk partoer mei op de PC. Yn 1917 wûnen trije Belgen de belangrykste keatsklassiker. August van Lierde, Emile Hoyois en George Herphelin wienen yn dat jier de sterksten. Yn de jierren 1914-1918 keatsten mear Belgen mei yn it Fryske spul. Sy wienen yn Nederlân ynternearre fanwege de Earste Wrâldoarloch. De PC hat der foar keazen om de Belgen net yn 2017 komme te litten, presys hûndert jier nei dy oerwinning. Yn 2018 wurdt de 165e PC keatst en it past ek yn de aktiviteiten fan KH 2018.

Trefwurden: 
keatsen Belgen PC
(Advertinsje)
(Advertinsje)