Poppoadium Asteriks yn Ljouwert hat nije programmeur

17 jan 2017 - 21:05
Eva van Netten, Jelle van Gosliga en Wander Wouda foarmje it programmateam fan Asteriks - Foto: Peter Dijkstra

Jelle van Gosliga wurdt de nije programmeur fan poppoadium Asteriks. Hy folget Peter Dijkstra op, dy't him mear rjochtsje wol op syn wurk foar Welcome to The Village, Oerol en Simplon. Van Gosliga begûn sân jier lyn al by Asteriks as foarmjouwer. Letter wurke er yn Kampen en by Neushoorn yn Ljouwert en no komt er dus werom op it âlde nêst. Behalve Van Gosliga sitte ek Eva van Netten en Wander Wouda yn it programmateam fan Asteriks.

Jelle: "Het is echt te gek om weer terug te zijn op de plek waar ik zeven jaar geleden mijn eerste stappen in de culturele sector heb gezet". Hy fynt de taak as programmeur de moaiste posysje by in poadium. Hy sil net folle feroarje oan de opset, elke freed twa of trije goede acts. Dat fariearret fan lokaal talint oant ynternasjonale acts.

(Advertinsje)
(Advertinsje)