Hosper: "FNP hat Frysk nedich foar bettere sichtberens"

17 jan 2017 - 20:09

De FNP hie by de portefúljeferdieling fan Deputearre Steaten it Frysk dochs hâlde moatten. De partij hie dan nei bûten ta sichtberder west. Dat sei partijfoarsitter Ultsje Hosper tiisdei yn it telefyzjeprogramma It Polytburo

It slagget de FNP de lêste jierren provinsjaal net om mear stimmen te krijen, wylst dat op gemeentlik nivo wol sa is. Yn maaie sil de partij in tuskentiidske balâns opmeitsje oer wat de dielname oan it kolleezje fan Deputearre Steaten oplevere hat. 

De lêste kear dat de FNP dat die, wie nei ôfrin fan de foarige perioade yn 2015. De partij wol Frysksinnige Friezen oan him bine. Mar net-Frysktaligen kinne gjin wethâlder of deputearre wurde, sa sei Hosper.

(advertinsje)
(advertinsje)