SC Hearrenfean slút kontrakt mei eSporter Niels Krist

17 jan 2017 - 20:04

Sportklup Hearrenfean hat foar it earst in kontrakt sletten mei in eSporter. It giet om de 29-jierrige Niels Krist. In eSporter is ien dy't op ynternet it FIFA-fuotbalspultsje docht. Yn Nederlân binne der goed sân miljoen aktive gamers. Mei it fêstlizzen fan sa'n eSporter hopet SC Hearrenfean de jongere achterban te berikken.

Foar Niels betsjut dit dat hy mei rêchnûmer 30 de klup fertsjintwurdige sil op FIFA-toernoaien.

Niels Krist is hikke en tein op It Hearrenfean en fynt it geweldich dat hy eSporter wurdt foar syn klup: "Dat ik de club nu als eSporter mag vertegenwoordigen is voor mij fantastisch."

Mei syn eigen bedriuw organisearret Krist ferskate FIFA-toernoaien. Sa kaam hy ek yn kontakt mei SC Hearrenfean. “Ik hoop als eSporter een dubbelslag te kunnen maken waarbij de Kidsclub leden en Feanatics tegen mij kunnen spelen, maar het is natuurlijk ook mogelijk dat we een toernooi bij een sponsor organiseren. Ik kijk ernaar uit om het shirt van sc Heerenveen te mogen dragen en zal dit met veel trots gaan doen.”

(Advertinsje)
(Advertinsje)