Boat fart tsjin brêge Skûlenboarch, auto's moatte omride

It ferkear kin troch de oanfarring net mear oer de brêge © De Vries Media
Der is tiisdeitejûn in boat tsjin de brêge by Skûlenboarch fearn. De brêge hat dêrtroch safolle skea oprûn dat it ridend ferkear no net mear oer de brêge ride kin. Der is by de oanfarring nimmen ferwûne rekke. De plysje ûndersiket de oarsaak, mooglik dat de mist in rol spile hat.