VVD Ljouwert yn noed oer baneferlies by FBTO en De Friesland

17 jan 2017 - 19:38

De VVD yn Ljouwert makket him grutte soargen oer ferlies oan wurkgelegenheid by de fersekeringsbedriuwen FBTO soarch en De Friesland. De partij seit dat der fan ferskate kanten ynformaasje kaam is dat der banen ferlern gean en neamt dat in 'pynlik ferlies' foar Ljouwert.

Yn skriftlike fragen oan b. en w. fan Ljouwert freget de partij him ôf wat it kolleezje docht om de wurkgelegenheid te behâlden en de meiwurkers eventueel wer oan in baan te helpen. 

De VVD fynt ek dat de buert dêr't de kantoaren fan de fersekeringsbedriuwen sitte - de Tesselschadestrjitte, Lange Merkstrjitte en omjouwing - der hieltyd minder moai útsjocht. De partij wol witte wat de gemeente dwaan kin om de saaklike tsjinstferliening yn Ljouwert te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)