Van Heck út Noardwâlde pompt wetter yn Maas

De pompen fan Van Heck fan Noardwâlde hawwe derfoar soarge dat de wenboaten dy't op de boaiem fan de Maas leinen no wer driuwe. It wetter wie út de haven wei streamd trochdat der ein foarich jier in frachtskip tsjin in keardaam by Grave oanfearn wie.
Santjin wenboaten hongen skots en skeef, seit Jeroen van Heck fan it pompbedriuw. In needdaam hat de haven dêr't de boaten yn leinen ôfsletten fan de Maas en Van Heck hat der wer wetter ynpompt. De mannen ha noch twa dagen nedich om it wurk yn Limboarch klear te krijen, seit Van Heck.