Oantal ynwenners yn Fryslân nimt flugger ôf as ferwachte

17 jan 2017 - 18:26

It oantal ynwenners fan Fryslân nimt de kommende jierren noch flugger ôf as ferwachte. Dat stiet yn de nije befolkingsprognoaze fan de provinsje. Dit jier is der noch sprake fan groei, mar yn de jierren dêrnei nimt it oantal ynwenners ôf. Oer in jier as tweintich binne der noch 619.000 Friezen oer, dat binne der sa'n 30.000 minder as no.

Op regionaal nivo binne der grutte ferskillen. Benammen yn it noarden fan de provinsje wenje skielk folle minder minsken. Yn Ljouwert nimt it oantal ynwenners noch wol licht ta.

Yn de prognoaze fan de provinsje is rekken hâlden mei de komst fan asylsikers. De ferwachting is lykwols dat sy har leaver bûten de provinsje fêstigje.

De provinsje makket ien kear yn de trije jier in prognoaze foar it oantal ynwenners. Yn 2013 barde dat foar it lêst. Doe waard ek al rekken hâlden mei krimp, mar noch net sa bot as yn de nijste prognoaze. De provinsje wol yn syn belied ynspringe op it lytsere oantal Friezen, as it giet om foarsjenningen, it oantal huzen en it oantal skoallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)