FIDEO: Learlingen yn aksje tsjin digitaal pestgedrach

Mei de selsmoard fan in 15-jierrige learling fan in skoalle yn Heerlen waard ferline wike wer pynlik dúdlik hoe skealik cyberpesten is. Op de middelbere skoalle AMS yn Frjentsjer diene learlingen dêr ûndersyk nei en dat resultearre yn twa aksjedagen tsjin digitaal pestgedrach. Tiisdei diene de earsteklassers fan de skoalle mei oan in spesjaal programma. Foar de âlden is der in spesjale foarljochtingsjûn.