Provinsje hat wer jild foar frijwillige kavelruil

17 jan 2017 - 18:04
Kij yn greide - Foto: Omrop Fryslân

Boeren dy't kavels ruilje wolle, kinne dêr fan 1 febrewaris ôf wer subsydzje fan de provinsje foar krije. De provinsje is foar kavelruil. It is goed foar de boeren - sy krije it lân tichterby de pleats -, foar de ferkearsfeilichheid yn it bûtengebiet en foar de ynrjochting fan greidefûgelgebieten.

Ferline jier waard 1100 hektare grûn ruile. Boeren kinne mei-elkoar in plan meitsje foar frijwillige ruilferkaveling, foar de werynrjochting en de proseskosten is subsydzje beskikber.

Trefwurden: 
ruilverkaveling kavelruil
(Advertinsje)
(Advertinsje)