Hieltyd minder muskusrotten yn Fryslân

17 jan 2017 - 17:41

De muskusrôt komt hieltyd minder foar yn Fryslân. Yn 2016 waarden sa'n 40 persint minder muskusrotten fongen as it jier derfoar. En dat wylst it bistje yn it ferline faak in grutte pleach wie. Guon jierren waarden der wol tsientûzenen eksimplaren fongen. De fangst wie foarich jier al werom rûn oant goed 1200. Tagelyk is der wol in oar bistje yn opkomst, de beverrôt. Dy soe al sinjalearre wêze yn Grou.

Trefwurden: 
muskusrôt Fryslân beverrôt
(advertinsje)
(advertinsje)