Hegere AOW-leeftiid grut probleem by swiere beroppen

De fakbûnen meitsje har soargen oer âldere minsken dy't swiere beroppen ha. Sy moatte oant harren 67e trochwurkje, mar dat is lichaamlik net altyd fol te hâlden. In grutte groep Friezen hat hjirmei te krijen.
In pear jier ferlyn is de AOW-leeftiid ferhege. Oanfoljende regelingen om de wurkjende âlderen yn swiere beroppen te ûntsjen, kamen net fan de grûn. It ûnderwerp spilet op no't der wer ferkiezingen oankomme. Ferskate politike partijen sette it wer op de aginda.
It is in kwestje dy't neffens Anne van Dijk fan de FNV in gefolch is fan in steapeling fan minne saken dy't trochfierd binne. "De AOW-leeftiid omheech, doe nochris rapper omheech, ôfskaffing fan de AOW-partnertaslach. Dy dingen mei-inoar meitsje dat it in grut probleem is."