Eindeloos wint gjin Restaurant Award

17 jan 2017 - 16:46
Foto: Google Streetview

Restaurant Eindeloos yn Ljouwert is bûten de prizen fallen by de Restaurant Awards. Eindeloos wie nominearre yn de kategory bêste griente restaurant. Dêr is in restaurant yn Rijswijk de winner wurden. Ek by de oare njoggen kategoryen sitte gjin Fryske winners. De Restaurant Awards wurde dit jier foar de tredde kear útrikt. De winners wurde bepaald oan de hân fan in ynternetstimming troch 500 restauranteigeners. Sy stimden fral op restaurants yn de Rânestêd; ek yn Grinslân en Drinte is gjin inkele Restaurant Award útdield.

Trefwurden: 
Restaurant Award Eindeloos
(Advertinsje)
(Advertinsje)