Reedsliper Haijma: in goede winter komt altyd yn twa kear

"In goede winter komt altyd yn twa kear" seit Hotze Haijma fan de fytsesaak yn Stiens. Syn bedriuw slipet al jierren redens. Mei de froast en de earste natueriismaraton kommendeweis fernimme se dat al wol yn de winkel. "It rint moai wat troch, mar sneon wie it wol drok. Minsken bringe de redens út foarsoarch, dan binne se der mar klear foar as se echt ride kinne. Dat kin no noch net. De diken binne no noch swart, dat doocht net."
As it echt oangiet, krijt Haijma it wol drokker. "Dan kinst it ferkear hjir wol regelje op de dyk. As we dan nei it middeisiten de doar iependogge, steane der sa tritich minsken. Se bringe se mei tassen fol."