Ballorig iepenet boartersparadys yn Drachten

17 jan 2017 - 15:34
Foto: ANP

Ballorig iepenet woansdei in boartersparadys yn Drachten. De merklieder op it mêd fan boartersplakken nimt de lokaasje fan boartersparadys BomBi oan de A7 oer. Dy lokaasje wurdt op dit stuit ferboud. Der komme ferskate nije boarterstastellen foar bern fan 0 oant 12 jier, wêrûnder in miny-rodelbaan. Foar harren âlden komme der tafels mei stopkontakten foar de laptop of telefoanoplader. De Drachtster fêstiging fan Ballorig is de 36ste fan Nederlân en de fjirde yn Fryslân.

Yn Fryslân wiene der oant no ta trije boartersplakken fan Ballorig: yn Seisbierrum, Snits en op It Hearrenfean. Nije wike tiisdei is de offisjele iepening fan it boartersparadys yn Drachten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)