Soad lanlike partijen dogge mei oan noardlik listlûkersdebat

© ANP
Hast alle grutte lanlike partijen hawwe tasein dat se meidogge oan it noardlike listlûkersdebat, dat op 8 febrewaris hâlden wurdt yn Grins. It giet om in inisjatyf fan de kommissaris fan de Kening yn Drinte, Jacques Tichelaar. It gearwurkingsferbân Noard-Nederlân - it SNN - docht de organisaasje. Halbe Zijlstra komt foar de VVD, Sybrand Buma foar it CDA, Gert-Jan Seegers foar de ChristenUnie en Alexander Pechtold fan D66. Fan de linkse partijen skowe Jesse Klaver fan GroenLinks, Emile Roemer fan de SP en Lodewijk Asscher fan de PvdA oan.
Bygelyks de PVV en 50Plus binne net fertsjintwurdige. Ek dogge der gjin nije partijen mei. It debat wurdt hâlden yn it provinsjehûs yn Grins en wurdt laat troch Ferry Mingelen. De trije regionale omroppen, Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe stjoere it debat út, fan 14.30 oant 16.00 oere.