Bestjoerders meie minder hurd troch De Haule ride

17 jan 2017 - 14:24
Foto: Google Streetview

Bestjoerders meie tenei net mear as 30 kilometer yn de oere troch de Doarpsstrjitte fan De Haule. Dat wie 50 kilometer. De gemeente Eaststellingwerf past it oan op fersyk fan basisskoalle De Trede. Neffens de skoalle sitte sûnt koart mear bern út Waskemar op skoalle en is it dêrom drokker wurden mei auto's en oerstekkende bern. Om't de skoalle ticht op de dyk stiet, is it neffens it bestjoer feiliger om minder hurd te riden.

Tagelyk pakke de gemeente en pleatslik belang de entree fan it doarp oan. Der komt in nij picknickbankje, der wurde blommen siedde en der komt in buordsje dat ferwiist nei it tsjerkje dat der earder stien hat. Beswiermakkers kinne noch seis wiken by de gemeente telâne.

Trefwurden: 
De Haule ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)