Arjan Stroetinga teloarsteld oer seleksje WK massastart

Arjan Stroetinga, twafâldich wrâldkampioen massastart, is troch bûnscoach Geert Kuiper net selektearre foar de massastart op it WK ôfstannen begjin febrewaris yn Súd-Koreä. Stroetinga, ek seisfâldich maratonkampioen en trije kear de bêste op it NK massastart, fynt dat teloarstellend. Boppedat hat hy neat heard fan bûnscoach Kuiper. Syn ploechmaat Jorrit Bergsma is wol selektearre en ek de kampioen massastart fan 2017 Gary Hekman. Hekman fersloech doe mei minimaal ferskil Stroetinga.