Earste maraton op natueriis yn Noordlaren

17 jan 2017 - 12:13

Yn Noordlaren wurdt woansdei de earste maraton op natueriis ferriden. De froulju starte om 10.00 oere, de manlju om 11.00 oere. Willem Hut, kompetysjelieder maraton fan 'e KNSB, hat tiisdeitemoarn it iis metten. Op dit stuit is it iis noch net oeral trije sintimeter, mar de ferwachting is dat it woansdei wol sterk genôch is.

Op 9 desimber 2002, 29 novimber 2010, 31 jannnewaris 2012 en 15 jannewaris 2013 organisearre iisferiening De Hondsrug op har iisbaan efter basisskoalle De Rieshoek ek de earste maraton fan it seizoen.

Omrop Fryslân stjoert de maraton woansdei fan 10.00 oere ôf streekrjocht út op telefyzje en fansels is der ek omtinken foar op de radio.

(Advertinsje)
(Advertinsje)