Drankrider twa kear yn de nacht trappearre

Alkoholkontrôle © ANP
In 31-jierrige drankrider út Ljouwert moat him ynkoarten foar de rjochter ferantwurdzje, nei't de man yn de nacht fan moandei op tiisdei twa kear efterelkoar oanhâlden waard. De man waard earst yn it Heer Ivostrjitsje oan de kant set. Hy moast mei nei it plysjeburo en krige in rydferbod foar 4 oeren. Efkes letter seagen plysjes de man dochs wer riden. Hy waard op 'e nij oan de kant set.