"Regels subsydzjeprojekt POP3 te yngewikkeld"

© Omrop Fryslân
De regels om in subsydzje foar it plattelânsûntwikkelingsprogramma POP3 oan te freegjen binne te yngewikkeld. Dat fynt it CDA Fryslân. De regeling is bedoeld foar ûntwikkeling, duorsumens en ynnovaasje yn de agraryske sektor. Ut petearen mei belangstellenden docht bliken dat it hiel dreech is om oan de betingsten te foldwaan, wêrtroch in soad oanfragen fêstrinne. Boppedat soene lytse projekten te faak net yn oanmerking komme, om't it minimumbedrach wêrfoar subsydzje oanfrege wurde kin te heech is.
It CDA ropt de provinsje op om de regeling tagonkliker te meitsjen.