Warskôging foar nepmail fan plysje Drachten

17 jan 2017 - 10:45
Feilich ynternet - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tiisdei ferskate telefoantsjes krigen oer in mail dy't ferstjoerd is út namme fan de plysje yn Drachten. Yn de mail wurdt suggerearre dat der in klacht yntsjinne is by de plysje. Foar mear ynformaasje wurdt ferwiisd nei in brief. Dêrfoar moat de ûntfanger op in link klikke, mar yn werklikheid krije jo dêrmei in firus op je kompjûter. De plysje warskôget no dat je nea op in link klikke moatte yn in e-mail fan in ûnbekende ôfstjoerder.

Moandei kaam de plysje noch mei it berjocht dat der dizze wike 20.000 mails ferstjoerd wurde, nei e-mailadressen dy't fûn binne op de kompjûters fan in cyberkrimineel út Ljouwert. De mail dêr't no foar warskôge wurdt, stiet dêr dus los fan. Yn dy mail stiet ek gjin downloadlink.
 

Trefwurden: 
phishing plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)