Twa jonge famkes op dievepaad

17 jan 2017 - 10:10
Foto: ANP XTRA

De plysje yn Ljouwert hat moandei twa famkes fan 11 en 12 jier oanhâlden, dy't yn in winkel op De Sintrale in swimpak en sportskuon stellen hiene. It stellen guod hie in wearde fan 105 euro. Meiwurkers fan de winkel trappearren it duo en warskôgen de plysje. Dy hat de âlden op de hichte brocht.

Trefwurden: 
stellerij
(Advertinsje)
(Advertinsje)