Wa werkent oerfaller tankstasjon It Hearrenfean?

It tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei is faker oerfallen © AST Media
De plysje hat bewakingsbylden fan de oerfal op it tankstasjon oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean nei bûten brocht. Mei help fan de bylden hopet de plysje op nije tips. It tankstasjon waard moandeitejûn 12 desimber oerfallen. Op de bylden is te sjen dat de man mei in mes yn de hân nei binnen rint en fuortendaliks in greep yn de kassa docht. Neffens de plysje giet it om in man fan sa'n 1 meter 80 mei in swart petsje mei reade klep fan de Chicago Bulls op.
De man hie fierder in swarte jas oan, in donkere Adidas trainingsbroek en swarte wanten fan Nike.
Kenne jo de dieder of hawwe jo mear ynfo oer dizze oerfal, belje dan mei 0900-8844 of anonym fia 0800-7000 (Meld Misdaad Anoniem).