Grutte kâns op toeristebelesting yn gemeente Ljouwert

17 jan 2017 - 00:18

De kâns is grut dat fan 1 jannewaris 2018 ôf in toeristebelesting fan oardel euro per oernachting heft wurdt yn de gemeente Ljouwert. Dit leit lykwols gefoelich yn de hotelsektor. Om riedsleden fan de gemeente te ynformearjen oer dit drege punt, waard der moandei in foarumjûn organisearre yn it stedhûs.

In amtner fan de gemeente lei út wat de foardielen fan toeristebelesting binne. De ferwachting is dat it mear as in heal miljoen euro op jierbasis opsmite sil. Dizze sinten moatte brûkt wurde om toeristyske foarsjenningen in ympuls te jaan.

Protest

Njonken de gemeente, kamen ek eigeners fan hotels en B&B's oan it wurd by de foarumjûn. Sy binne tsjin sa'n toeristebelesting, om't sy bang binne dat der minder toeristen nei de gemeente komme sille as de prizen omheech gean.

De gemeente Ljouwert hat eartiids ek in toeristebelesting heft. Dizze waard yn 2007 ôfskaft. Yn Nederlân heft 80 persint fan de gemeenten toeristebelesting.

Trefwurden: 
toeristebelesting Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)