Ynlûken parkearûntheffingen wurdt net weromdraaid

Parkearskiif © ANP
It ynlûken fan in grut tal parkearûntheffingen yn blauwe sônes yn Ljouwert wurdt foarearst net weromdraaid. De PvdA soe moandeitejûn by de riedsgearkomste in moasje yntsjinje om it beslút werom te draaien, maar seach dêr fan ôf. Dêrta waard besletten nei't dúdlik waard dat de PvdA gjin stipe krige fan oare partijen.
De PvdA wol dat in grut tal parkearûntheffingen per bedriuw of ynstânsje mooglik bliuwt, sadat wurknimmers en besikers ienfâldich parkearje kinne yn de stêd.