Benefyt foar ûndersyk nei Noardseesykte

Luna Wassenaar mei har âlden © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Der komt in benefytfestival om jild op te heljen foar ûndersyk nei de Noardseesykte. Sjonger Jaime van Dijk út Hoofddorp hearde it ferhaal fan de sike Luna Wassenaar út Ljouwert, dy't de sykte hat en kaam fuortendaliks yn aksje.
Van Dijk organisearret it Mega Noordzee Benefiet, dat op 25 maart of yn dy snuorje hâlden wurdt, yn de Van Zantenhal yn it Noard-Hollânske Nieuw-Vennep. Hy hat meardere kollega-artysten frege om op te treden.
De folsleine opbringst giet nei de Stichting Noordzeeziekte, sadat der mear ûndersyk dien wurde kin nei de seldsume sykte dy't ek wol 'de Fryske sykte' neamd wurdt.