Earste fan tolve stjerrehutten komt by seedyk It Bilt

16 jan 2017 - 22:46

By Swarte Haan, by Sint-Anne op It Bilt, komt de earste fan tolve stjerre-útsjoch-punten fan it Waadgebiet. Fjouwer jonge arsjitekten meitsje dêr in ûntwerp foar. De betinkers, wêrunder arsjitekte Nynke Rixt Jukema, neame it yn it Ingelsk in "star-barn", letterlik in stjerrehutte.

Yn de hutte moat romte wêze foar fjouwer of fiif minsken om nei de stjerren te sjen. Sa moatte se genietsje kinne fan it tsjuster yn it Waadgebiet. De gemeente It Bilt stelt it rekreaasjeterrein by Swarte Haan beskikber as plak foar de proef.

"Wij willen dat de Wadden een echt dark-sky-gebiet gaan worden", seit direkteur Hendrikus Venema fan it programma 'Naar een rijke Waddenzee'. "De mensen moeten dat gaan beleven." Ein oktober 2016 waard troch 43 partijen in yntinsjeferklearring tekene, om te soargjen dat tsjuster yn it Waadgebiet behâlden bliuwt. It programma 'Naar een rijke Waddenzee' stelt no 15.000 euro beskikber foar de fjouwer ûntwerpen foar it útsjochpunt. Dy wurde makke troch Lena en Laurens van der Wal, Feike de Jong, Murk Wymenga en Sweder Spanjer.

Oft der ek fêste teleskoop yn it útsjochpunt komt, is oan de ûntwerpers. Sy krije ek de opdracht mei om te soargjen dat it hokje net sa gau fernield wurde kin, al wol Venema dêr noch net te bot oer neitinke: "Dan kan er niks meer, zou ik zeggen. Maar wij proberen het wel zo te ontwerpen dat het hufterproof is.".

Yn 2018 moat it earste útsjochpunt boud wurde. As de proefferzjy by Swarte Haan goed foldocht, komme der mear útsjochpunten op bygelyks de eilannen en op oare plakken oan de Waadseekust.

(Advertinsje)
(Advertinsje)