Boattiden Holwert-It Amelân oanpast fanwege lege wetterstân

16 jan 2017 - 22:27
Oerfarder de Oerd oan de Holwerter daam - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De ôffearten fan ferfierder Wagenborg tusken Holwert en It Amelân wurde tiisdei oanpast fanwegen de tige lege wetterstân. De earste boaten farre earder as gebrûklik en de lêste boaten farre letter as oars.

De haven fan Holwert is fanwegen de lege wetterstân foar de boat net feilich berikber tusken 6.30 en 8.30 oere en 18.30 en 20.00 oere. Busferfierder Arriva slút it busferfier oan op de nije boattiden fan Wagenborg.

(Advertinsje)
(Advertinsje)