Hynder oanriden op A31 tusken Dronryp en Frjentsjer

16 jan 2017 - 21:10
Foto: Noordernieuws

Automobilisten op de A31 tusken Dronryp en Frjentsjer moasten moandeitjûn rekken hâlde mei fertragingen. Der wie in oanriding mei in hynder dat op de dyk rûn. It is noch ûndúdlik wêrom't it dier dêr rûn.

Nei it ûngelok waard de dyk ôfsletten en dêrtroch ûnstie der in file. Om sawat healwei tsienen waard de dyk wer frijjûn foar it ferkear.

Trefwurden: 
hynder A31 Dronryp Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)