Sven Kramer útroppen ta sportpersoanlikheid fan it jier 2016

16 jan 2017 - 20:46
Sven Kramer - Foto: awfoto.nl

Reedrider Sven Kramer is troch de stichting Nederlânske sportparse útroppen ta 'Sportpersoanlikheid fan it jier 2016'. Dat waard moandeitejûn bekend makke yn Rotterdam. Kramer is útferkeazen fanwegen syn topprestaasjes yn it reedriden, syn optredens yn de media en syn rol as foarfjochter fan it reedriden.

De sjuery skreau fierder oer Kramer: "Sven Kramer is nooit gemakkelijk, verre van soepel, maar altijd karaktervol en uitgesproken in zijn optreden naar het vragenstellende gehoor in de sportjournalistiek."

Kramer folget Formule 1-koereur Max Verstappen op as 'Sportpersoanlikheid fan it jier'.

(Advertinsje)
(Advertinsje)