Ynsammelaksje foar flechtlingen yn 'e snie yn Grikelân

16 jan 2017 - 20:26
Winterske omstannichheden yn flechtlingekamp Moria op Lesbos - Foto: ANP

Yn Ljouwert wurdt guod ynsammele foar flechtlingen dy't yn 'e kjeld sitte yn tintekampen yn Grikelân. Nei oanlieding fan in Facebook-aksje fan in man út Arnhem hat Kobe Flapper ek yn Ljouwert in aksje op tou set. Dizze woansdei, tongersdei en freed en nije wike moandei, tiisdei en woansdei kinne minsken tusken 16.30 en 18.30 oere guod delbringe yn de Doelestrjitte 2-4 yn Ljouwert (Fryske Akademy). It giet dan benammen om waarme winterklean, sliepsekken en tinten.

It spul giet dêrnei nei Arnhem. Dêrwei giet it yn gearwurking mei Impact Nomads mei in seekontener nei Grikelân, sa is it plan. Nijmegen, Alkmaar en Rosmalen en mear stêden dogge mei oan de aksje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)