"Tafersjoch akwadukt Drachtsterwei hie better kinnen"

16 jan 2017 - 19:30

De problemen fan dit wykein mei it akwadukt yn de Drachtsterwei by Ljouwert hiene foarkommen wurde kinnen, as de oannimmer better tafersjoch hâlden hie. Dat seit projektlieder Sieds Hoitinga fan de provinsje Fryslân. Troch in lek yn in damwand kaam de Drachtsterwei sneontejûn foar in part ûnder wetter te stean. Pas de oare deis koe it ferkear der wer del.

Dat der in lekkaazje ûntstie, wie eins net ûngebrûklik, seit Hoitinga. Mar dy hie wol earder sjoen wurde moatten. No duorre it pear oeren foardat der alarm slein waard.

Negatyf yn it nijs

Een vrij lange periode", sa fynt Hoitinga, "met grote gevolgen". Hoitinga skrok doe't er sneontejûn belle waard oer de lekkaazje. "Verrek, wat gaat ons nu weer gebeuren?", tocht er. "Het is een aquaduct met een zekere reputatie en geschiedenis. Het ging de laatste tijd juist erg goed. Dan is het heel erg jammer dat er dan toch weer wat gebeurt wat maakt dat het aquaduct zo negatief in de publiciteit komt".

Skeel is útpraat

Hoitinga doelt op de ûnienichheid tusken de provinsje en bouwer Heijmans oer de te folgjen boumetoade. Dêrtroch lei it wurk mids 2016 sa goed as stil. Dat is neffens Hoitinga hielendal útpraat. Troch it ynsidint fan it wykein is it fertrouwen neffens him ek net oantaast. It doel is dat it ferkear op 31 augustus fan dit jier troch it akwadukt hinne ride kin.

(advertinsje)
(advertinsje)