Fjirtich sportklups yn aksje foar bettere fytsferljochting

16 jan 2017 - 18:06

Sa'n fjirtich Fryske sportklups hawwe harren oanmeld foar in aksje foar bettere fytsferljochting. De klups fine it benammen foar jonge leden in wichtige saak, om't dy faak yn it tsjuster nei de klups fytse.

Ut ûndersyk docht bliken dat fjouwer op de tsien fytsers in stikken lampke net fuortendaliks ferfangt. Troch de aksje krije de sportklups de beskikking oer in 'toolkit', mei ark en ferfangingsmateriaal. Kuorbalferiening Ljouwert krige moandei as earste ien út hannen fan deputearre Schrier.

Earder krigen in soad Fryske skoallen ek al de beskikking oer sa'n boks. De ferljochtingshelp is in gearwurking fan de ANWB-ljochtbrigade, de provinsje Fryslân, it Regionaal Orgaan Ferkearsveiligens, Feilich Ferkear Nederlân en it Fytsersbûn.

Trefwurden: 
fytsferljochting sportklup
(Advertinsje)
(Advertinsje)