Dútser fertocht fan ynbraak yn kafee Wolvegea

(foarbyldfoto) © Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht in man út it Dútske Krefeld oanhâlden nei in ynbraak yn in kafee yn Wolvegea. In buertbewenner hearde leven by de kroech wylst dy't al ticht wie. Hy seach ek wat minsken fuortrinnen.
De man belle de plysje en gie mei in kunde achter de fertochten oan. Doe't se in auto riden seagen mei in plysje-auto der achteroan, melden se de plysje dat yn dy auto ien fan de ynbrekkers siet. De plysje koe sa de man út Krefeld oanhâlde. Der wurdt noch socht om oare dieders.