Persoan nei sikehûs nei brân yn garaazje op De Jouwer

16 jan 2017 - 17:15

By in brân yn in garaazje op De Jouwer is moandeitemiddei in persoan ferwûne rekke. It slachtoffer hat reek ynazeme en moast mei in ambulânse nei it sikehûs brocht wurde.

De brânwacht is mei meardere ienheden en in heechwurker útriden om de brân te bestriden. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is en hoe grut oft de skea oan de garaazje is.

Trefwurden: 
De Jouwer brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)