Reade Krús siket frijwilligers

It Reade Krús yn Fryslân hat te min frijwilligers foar teams dy't ynset wurde by rampen of grutte ûngelokken. Sy komme yn aksje by bygelyks in kettingbotsing of in fjoerwurkramp. Yn Fryslân binne twa sokke teams, yn Drachten en Ljouwert. It team yn Ljouwert hat 24 frijwilligers, wylst der 45 minsken wêze moatte. Op 2 novimber hâldt it Reade Krús in ynformaasjejûn foar de SIGMA-teams. SIGMA stiet foar Snel Inzetbare Groep voor Medische Assistentie.