Grinzer krijt wurkstraf foar mishanneling kondukteur

16 jan 2017 - 16:51
Foto: Omrop Fryslân

In man út it Grinzer plak Glimmen hat in wurkstraf fan tritich oeren krigen en twa wiken sel ûnder betingst. De man hie in treinkondukteur mishannele. Hy siet yn de trein fan Grins nei Ljouwert, mar hie gjin kaartsje. Doe't in konduktrise dêr wat fan sei, begûn er te razen en rûn er driigjend op de frou ôf. In kollega fan de frou besocht de man út Glimmen tsjin te hâlden, mar waard by de kiel pakt.

Njonken de straf moat de man de kondukteur 250 euro smertejild betelje. It slachtoffer hat flink lêst hân fan it foarfal.

(Advertinsje)
(Advertinsje)