Gjin ferfolging foar plysjeman dy't fertochte yn skonk skeat

© ANP
De plysjeman dy't yn septimber ferline jier in fertochte yn 'e skonk sketten hat op It Hearrenfean, wurdt net ferfolge. Neffens it Iepenbier Ministearje hat de plysje him net skuldich makke oan in strafber feit.
De fertochte bedrige op de Van Kleffensleane omstanners mei in mes. Doe't de plysjeman de fertochte besocht ta kalmte te bringen, bedrige er de plysjeman. Dy skeat nei in warskôgingsskot de fertochte dêrnei yn syn skonk.