David de Jong fan Nieuwe Wegen: "It sosjale moat werom"

16 jan 2017 - 16:24

Jacques Monasch hat moandeitemiddei de kandidaten foar syn politike partij Nieuwe Wegen presintearre. De heechste Fries, nei Monasch sels, is de studint David de Jong fan Drachten. Hy stiet op nûmer 15. Mar wa is David de Jong eins?

David de Jong is 26 jier en studearret Maatskiplik wurk en Tsjinstferliening oan de NHL yn Ljouwert. Syn ambysje is it kontakt tusken boarger en polityk te herstellen. Dy oansluting misse de besteande partijen, fynt er. "It sosjale, it 'samen als Nederlanders', moat weromkomme", sa seit De Jong.

De studint wol graach de flekswet oanpasse en feroaringen trochfiere yn it ûnderwiis. Neffens him is dêr noch genôch te ferbetterjen. Politike ûnderfining hat De Jong net, mar dat sjocht er net as neidiel. "It kin in swakte wêze, mar ik bin foar myn stúdzje mei in soad dingen dwaande west yn de maatskippij en wit wat der spilet yn Nederlân. Ik hoech net alles om te smiten, mar wol graach lytse dinkjes feroarje."

(Advertinsje)
(Advertinsje)