Sels oanmelde by polyklinyske ôfspraak yn sikehûs

Pasjinten kinne fan febrewaris ôf harsels oanmelde op in skerm yn sikehûs de Tsjongerskâns op It Hearrenfean en it Antoniussikehûs yn Snits. It giet om minsken dy't in polyklinyske ôfspraak hawwe.
In pasjint moat syn of har paspoart of ID-kaart scanne by de peal. Oan de hân fan it BSN-nûmer kriget de oanmelder in tal fragen foarlein. De gegevens wurde allinnich brûkt troch de dokter dy't de ynformaasje nedich hat.