Plysje mailt tûzenen mooglike slachtoffers cybercrime

De plysje Noard-Nederlân stjoert dizze wike in mail nei goed 20.000 e-mailadressen mei it advys om de gegevens om yn te loggen te feroarjen. Dat advys is nei oanlieding fan in grut ûndersyk nei cybercrime.
By in fertochte dy't yn oktober oanhâlden is, binne tûzenen ynlochgegevens fan minsken fûn. De plysje seit dat guon dêrfan brûkt binne om fia ynternet minsken op te lichten, guod te keapjen of te gokken. Oft alle gegevens brûkt binne, is net te achterheljen.
Dochs advisearret de plysje alle minsken dêr't de mailadressen fan fûn binne, om har ynlochgegevens oan te passen.