Hosper: "FNP moat hurd wurkje om te groeien"

De FNP moat der hurd oan wurkje om grutter te wurden yn Provinsjale Steaten. Dat seit foarsitter Ultsje Hosper. Neffens Hosper stiet it grutste part fan de Friezen posityf tsjinoer it Frysk en in selsstannige provinsje Fryslân. Mar dat fertaalt him noch te min yn politike macht.
De FNP sit wol yn in tal gemeenten yn it kolleezje en hat ek wol aardich wat sitten yn gemeenterieden. Mar der binne ek noch genôch gemeenten dêr't de partij kwalik in rol spilet. En yn Provinsjale Steaten soe de FNP ek groeie moatte, fynt Hosper.