Waadkeunstprojekt Sense of Place siket ynvestearders

16 jan 2017 - 14:21

It Kulturele Haadstêd-projekt Sense of Place is finansjeel noch net rûn. Dat seit projektlieder Joop Mulder. Sense of Place is in projekt mei lânskipskeunstwurken oan de Waadseekust. It doel is mear kultuertoeristen nei de noardlike kust te lûken.

Sense of Place krige in startsubsydzje fan 1,4 miljoen euro foar de perioade 2014-2018. Dat is folle minder as de 4 miljoen dy’t in pear jier lyn tasein wie. Oarsaak is neffens Mulder dat de finansiering fan Kulturele Haadstêd stadiger giet as ferwachte. Alle projekten moatte dêrom ynleverje.

Ientredde binnen

De startsubsydzje is ûngefear 35 prosint fan it jild dat nedich is om de projekten te realisearjen. Sense of Place is in lange termynplan mei in begrutting oant 2025. De rest fan it jild, dus sa’n twatredde part, wurdt socht by fûnsen en ynvestearders lykas bedriuwen. Neffens Joop Mulder gean de petearen goed, mar wurde der net hieltyd hantekeningen set.

De keunstwurken binne Wachten op Hoog Water fan Jan Ketelaar, Zeven Streken fan Marc van Vliet, Windwerk en Wadland fan SleM/Bruno Doedens, Camera Batavia fan Arjen Boerstra, Gat in de Dijk fan Leo van der Ploeg en Dijk van een Wijf fan Nienke Brokke. De projekten binne yn ûntwikkeling. Mulder: "Er is nog geen enkel project in kannen en kruiken."

Wachtsje op heech wetter

Ien fan de sân keunstwurken fan Sense of Place is it byld Wachten op Hoog Water fan de Drachtster keunstner Jan Ketelaar. Der is in ynsammelaksje holden om de keunstner fierder te helpen. Dy aksje rûn 8 jannewaris ôf en hat hast 11.000 euro opsmiten.

Joop Mulder hat de crowdfundingsaksje opsetten. Hy wol de keunstner helpe syn dream wier te meitsjen en it byld op de seedyk te krijen. Mulder: "Jan Ketelaar is een prachtige kunstenaar en hij verdient een mooie plek." It byld komt by Holwert sadat it ek diel útmeitsje kin fan it takomstige Holwerd Aan Zee.

Wachten op Hoog Water bestiet út twa froulju fan sa’n seis meter heech, in grouwe en in tinne frou, dy’t inoar by de hân krije. Mei it byld wol Ketelaar balâns en útwikseling tusken minsken ferbyldzje.

(advertinsje)
(advertinsje)