Jacques Monasch wurdt gjin listlûker fan eigen partij

© Omrop Fryslân
Jacques Monasch wurdt gjin listlûker fan syn nije partij Nieuwe Wegen, dat hat er niiskrekt bekend makke. Wa't it wol wurdt, dat fertelt er letter op dizze moandei. Dan ljochtet er ek ta wêrom't er it sels net wêze sil.
Snitser Monasch ferliet yn novimber de PvdA-fraksje, omdat er him net mear fine koe yn de stânpunten fan de partij. Mei Nieuwe Wegen wol er ûnder oare in sosjalere ekonomy en in stranger ymmigraasjebelied.