Meiwurkers autobedriuw Eksmoarre blusse sels brân

16 jan 2017 - 11:00
Foto: Stefan Postema

Meiwurkers fan in autobedriuw oan de Surein yn Eksmoarre hawwe moandeitemoarn sels in brân yn it bedriuw blust. De brân ûntstie yn it dak, by de piip fan de kachel. Troch rap yngripen koene meiwurkers foarkomme dat de brân him útwreidzje koe. Guon meiwurkers krigen reek binnen en binne troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.

Fanwege it reiden dak op de pleats weryn't it bedriuw sit, hat de brânwacht in diel fan it dak fuorthelle om wis te wêzen dat der gjin fjoer mear tusken it reid en de dakpannen siet.

Trefwurden: 
brân Eksmoarre
(Advertinsje)
(Advertinsje)