"Wat wurdt der dien oan de kwaliteit fan it grûnwetter?"

16 jan 2017 - 10:57

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren makket him soargen oer de kwaliteit fan it grûnwetter. Ut in provinsjaal rapport docht neffens de fraksje bliken dat de noarmen foar skealike stoffen yn it grûnwetter bûten de beskermingsgebieten oertrêde wurde.

It giet benammen om bestridingsmiddels, gemyske stoffen en medisinen. Dy binne skealik foar de folkssûnens. De fraksje wol fan deputearre Sietske Poepjes witte wat der oan dien wurdt. Sels pleitet de fraksje foar in previntive oanpak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)