Karavans yn brân stutsen
Twa karavans by Appelskea binne sneontenacht ôfbaarnd. In omstanner fertelde de brânwacht dat de karavans oan de Mennedyk dêr dumpt wiene en yn de brân stutsen.
De plysje is frege om út te sykjen fan wa't de karavans wiene.