GGZ moat psygoaze earder sjen

23 okt 2011 - 16:03
GGZ - Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes

Earste psygoazen by pasjinten yn de sûnenssoarch moatte earder sinjalearre wurde. Dat konkludearret Nynke Boonstra fan de Fryske GGZ. Se skreau in proefskrift oer psygoazen. Fryslân telt sa'n 2600 ynwenners mei in psygoatyske stoarnis. Der komme alle jierren 130 nije pasjinten by. At de stoarnis letter as nedich ûntdutsen wurdt, binne de foarútsichten op genêzing minder. By jongeren tusken de 17 en 27 komt in earste psygoaze meastentiids it earst foar.

Trefwurden: 
GGZ psygoaze
(Advertinsje)
(Advertinsje)