Man rydt gefaarlik op A32

© Omrop Fryslân
In automobilist (57) út Eindhoven is sneon oanhâlden foar gefaarlik riden. Op de A32 ried er 170 kilometer yn de oere, slingere en helle oer de flechtstrook yn. De plysje sette de achterfolging yn. De man negearde in stopteken. Lang om let stoppe er op in hiem yn Wiuwert mar bleau yn syn auto.
De plysje tikke nei in pear warskôgingen in autorút yn en hâlde him oan. Syn rydbewiis is ynnaam. De man miende dat de plysje him begelate om op tiid op syn ôfspraak te kommen.